Zoekresultaten voor: *
Resultaat 561 - 580 (van 613)
Hylke Speerstra De kâlde krústocht
Yn dit boek mei nije iisferhalen fan Hylke Speerstra wurdt de lêzer meisleept op in spannende winterreis. Ûnder him heart er it skrassen fan de redens en it kreakjen fan it iis. Der glydt in hiele ieu oan him foarby. Ûnderweis begjint de lêzer mei te libjen mei de haadfigueren dy't op syk binne nei frijheid, gelok en bettere tiden. En nei de útdaging dy't ek op it iis te finen is... Rasferteller Hylke Speerstra (1936) hat it Fryske folkslibben op in ûnferjitlike manier fêstlein yn boeken as Neaken...
Westerlauwers Fries, 6 uur 45 minuten (jpg, 318 MB), Bornmeer, Haarlem, 2009
Luisterboek (digitaal)
Hylkje Goïnga Nei it Park
Yn de novelle Nei it park stiet de 78 jier âlde en deminte 'Martha' sintraal. Op tige humoristyske, mar tagelyk oangripende wize beskriuwt Hylkje Goïnga de striid fan Martha om út it hûs foar âldere minsken te bliuwen en it krewearjen fan de dochters Janna en Geeske om har dêr no krekt wol yn te krijen. 'Ik rûn tusken myn beide dochters yn troch in brede gong. In mefrou mei reade wangen joech my twa hannen tagelyk en kloppe my op 'e rêch. Ik fersjitte my der fan. Wy gongen yn de lift mei syn allen....
Westerlauwers Fries, 1 uur 19 minuten (jpg, 5,3 MB), Friese Pers Boekerij, Haarlem, 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De kwestje fan Quad
As Tsjalling syn nije kilometerteller útprobearret, slacht er oer de kop en ûntdekt er de tiidmasine fan professor Quad. En wat dêr allegearre foar aventoeren achter wei komme... Tsjalling en Anne geane mei op tiidreis, werom nei de terpetiid, werom nei de midsieuwen en dan is der noch in tredde reis nedich, werom nei de 17de ieu. Dan is it winter en mei Anne bewize, dat er hurd ride kin. Inhoud De klap De kilometerteller Op ûndersyk De gong Quad De tiidknikkerts Sneontemiddei De wetten Fier fan...
Westerlauwers Fries, 5 uur (jpg, 342 MB), Koperative Utjouwerij, Haarlem, 2009
Luisterboek (digitaal)
Harmen Wind It Ferset
Ferset fan in heit tsjin de feroarings yn de tsjerke en de maatskippij en ferset fan in soan tsjin syn heit; it leveret in yndrukwekkende roman op. Het verzet ferskynde yn 2002 as it Hollânske proazadebút fan Harmen Wind by De Arbeiderspers. De parse wie oer it algemien tige posityf. Wind sei yn in ynterview dat er it boek beskôge as 'in Fryske roman yn it Nederlânsk'. Om ôfstân ta it ûnderwerp te krijen, keas er ynearsten foar it Hollânsk. Hy begûn mei de oersetting fuort nei de ferskining. It...
Westerlauwers Fries, 12 uur 42 minuten (jpg, 5,4 MB), Utjouwerij Fryslân, Haarlem, 2009
Luisterboek (digitaal)
Wilco Berga It portret
In frou wurdt dea fûn op it Waad, ticht by de seedyk. Eefkes letter stiet de skilder yn it mortuarium om har te identifisearjen: Wêrom yn godsnamme? Nee, no net tinke, mar de eagen de kost jaan. Hy soe har oanreitsje wolle, waarm wriuwe. Wa sei him dat se net skyndea wie? Se hie de eagen dan wol ticht, mar striele krêft út, en grutskens. Sels no't se der as in fersûpte kat by lei op har wytplestik bêd, as wie it in feestje - jawis wie 't feest! - inkeld wat út 'e hân rûn. Just hjir, yn dizze kâlde,...
Westerlauwers Fries, 4 uur 3 minuten (jpg, 274 MB), Utjouwerij Fryslân, Haarlem, 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus Mentha Minnema en it klokkemystearje
As Ferdinand mei syn heit in prachtige antike klok keapje wol foar mem, is de hiele klok ferdwûn! Stellen! Of is der dochs wat oars mei oan de hân? Foardat se it witte sitte Ferdinand en Jeltsje mei Mentha Minnema midden yn in spannend speurders-aventoer. Slagget it harren om mei Pyt Pander fan de resjerzje de saak op te lossen? Harkje nei it hiele ferhaal, dat foarlêzen wurdt troch skriuwer Jan Schotanus sels. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1992 yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud It berjocht...
Westerlauwers Fries, 2 uur 13 minuten (jpg, 152 MB), Afûk, Haarlem, 2009
Luisterboek (digitaal)
Riemkje Hoogland-Pitstra Mentha Minnema en it keldermystearje
As de ferhúswein allegearre doazen mei klokken ôfleveret yn it lege hûs njonken de bakkerij, witte Geart en Geeske al, dat der net in gewoane húshâlding komt te wenjen. Mar dat se daliks al yn in aventoer belânje troch Mentha Minnema, dat hiene se ek net ferwachte. Hoe sit dat krekt mei de ûnderierdske gong nei de tsjerke ta? En wa hat de prachtige kandelers stellen út it âlde gebou? Mei help fan Pyt Pander en Grate, losse Mentha Minnema, Geart en Geeske it mystearje op. It boek is oarspronklik...
Westerlauwers Fries, 3 uur 5 minuten (jpg, 202 MB), Afûk, Haarlem, 2009
Luisterboek (digitaal)
J.H. Halbertsma It Heksershol
Hoe't Goasse Knop fan Molkwar himsels oan de duvel ferkocht, hokker singeliere foarfallen er tsjinkaam op syn libbensreis troch it Âlde Fryslân, watfoar skelmstikken as er begie en hoe't er raar oan syn ein kaam. It Heksershol is publisearre yn de Rimen en Teltsjes, dat twa jier nei it ferstjerren fan J.H. Halbertsma yn 1871 ferskynde. Neitiid is it yn 1963 troch Theun de Vries oersetten yn it Nederlânsk en as los boekje yn de Wereld Bibliotheek-searje ferskynd. Omdat it yn it Frysk nea as apart...
Westerlauwers Fries, 3 uur 19 minuten (jpg, 235 MB), Afûk, Haarlem, 2009
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Bretaalwei De Brand
Hoe't Johannes Brandsma de grinzen ferlei
Johannes Brandsma, in topkeatser Yn 'e jierren tachtich is hy de sportman, dy't it gesicht fan it keatsen mei bepaalt. De Brand ferleit bretaalwei grinzen yn it keatsspul. Hy ferbrekt rekords dy't noch steane, ek yn 2009. Yn 1990 nimt er ôfskie fan it Fryske spul en kinne de lêste kranteknipsels en foto's ynplakt wurde. Mear as stof genôch foar in biografy. De keatsfedette fertelt net inkeld oer it keatsen, mar ek oer de saken dêr omhinne en hoe't it syn libben behearske. Jelle Bangma makke der...
Westerlauwers Fries, 3 uur 49 minuten (jpg, 182 MB), Frysk en Frij, Haarlem, 2009
Luisterboek (digitaal)
Elie Wiesel De Nacht
Yn De Nacht fertelt Elie Wiesel op ynkringende wize oer syn libben yn de kampen, en syn oerlibjen fan de holocaust. Hysels skreau oer dit boek û.o. Dit is in ferhaal dat om dúdlike redenen djip libbet yn alles wat ik skreaun ha en noch skriuwe sil... Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Westerlauwers Fries, 4 uur 26 minuten (jpg, 209 MB), KFFB, Haarlem, 2009
Luisterboek (digitaal)
Wieke de Haan Ophysje en delbêdzje
Ferhalenboek foar froulju
Ophysje en delbêdzje is it ferfolch op it tige suksesfolle Optriuwe en ôfbliuwe. Humoristyske ferhalen oer plastuiten, stofsûgers, kontaktadvertinsjes, fetslobberjen, weblogjende froulju, mobyltsjes, OMO-relaasjes en hygiëne op feestjes. Ferhalen De kontener De boat De ferpakking De slachsinkeninginne Eigen baas Plakke Eilânkultuer Goeienavond, mevrouw It stel Kastrûmte Lokkerke Liposuctia Mem Nútsjeguod OMO Plastuit Lampehier Puer natuer Raar waar Reade learskes Sisters in sin Skjin himd Ticht...
Westerlauwers Fries, 2 uur 56 minuten (jpg, 110 MB), Bornmeer, Haarlem, 2009
Luisterboek (digitaal)
Wieke de Haan Optriuwe en ôfbliuwe
Ferhaleboek foar froulju
Ferhaleboek foar froulju dy't de uterste hâldberheidsdatum naderje, passearje of út 'e wei gean wolle. Oer alles wat ophise, bykleure en fuortsûge wurde kin, of krekt net. Oer lytse en grutte argewaasjes, skytskjinne froulju en bewarderige types. Wat raukost, sûkela, in optriuwbeha en in reserveman foar in frou betsjutte kinne. Inhoud Skytskjin Beropsgeheim De broadsjes Foar de fûgeltsjes Himmeleritis Kataboalysk Kessentsjes Spermaspul Stress-hin Uterste hâldberheidsdatum Oerdwealske winterwoartel...
Westerlauwers Fries, 3 uur 8 minuten (jpg, 106 MB), Bornmeer, Haarlem, 2008
Luisterboek (digitaal)
Johan Veenstra Een brogge van glas
Een peer weken nao et wegraken van zien moeder kwam Johan Veenstra eerst an de weet wie zijn vader was en ontdekte hi'j dat hi'j in halfbreur hadde. Tien jaor later hat hi'j dat gegeven verwarkt in zien vierde roman Een brogge van glas. Et boek begint as de schriever een brief an die onbekende breur schrift en de spannende vraoge is dan as en hoe daor op reageerd wodden zal. In tussentied beschrift Veenstra mit grote eupenheid fragmenten uut zien leven. Et opgruuien in een klein Stellingwarfs dörp...
Westerlauwers Fries, 5 uur 20 minuten (jpg, 310 MB), Stellingwarver schrieversrondte, Haarlem, 2008
Luisterboek (digitaal)
Koos Tiemersma De mjitte
Mette krijt mei har fjirtichste oanstriid om yn har fammensjierren te dûken. Al gau sit se wer midden yn it ferline: yn de kleurrike folksbuert fan in Frysk stedsje, mei in alkohoalyske heit, in dweperige mem en Boyen, in wat jongere healbroer mei in fierstente rike fantasy. De fassinaasje fan Mette foar Boyen sloech om yn ôfgeunst en by einsluten in ferwidering tusken beide. Mar nei al dy jierren wol Mette op 'e nij kontakt mei Boyen en sjocht se foar it earst ek kritysk nei har eigen hâlden en...
Westerlauwers Fries, 10 uur 31 minuten (jpg, 3,4 MB), Friese Pers Boekerij, Haarlem, 2008
Luisterboek (digitaal)
Jan van der Leij De tiid stie even stil
Yn dizze bondel steane 22 hiel ferskillende ferhalen: Hy skriuwt koele observaasjes, mystearjes, humoristysk-realistyske stoarjes en ferrifeljende ferhalen. De skriuwer jout de werklikheid no en dan in draai dy't de lêzer ferrast of ferbjusteret. It waard my kâld oer de lea. Der lei in deade man. De stilte waard benearjend. Foar de tredde kear seach ik nei myn auto. Wat deryn dreau wie in lyk. Ik wie in pear tellen ferslein en seach Pyt freegjend oan. Dy kaam op my ta. Die de bûslampe út, en lei...
Westerlauwers Fries, 4 uur 15 minuten (jpg, 266 MB), Venus, Haarlem, 2008
Luisterboek (digitaal)
Auck Peanstra Sitebuorren, myn eigen paradys
Oantinkens
Dochs hat it gefoel fan bûtensteander wêzen myn jeugd net knoeid, ik hie Sitebuorren, myn eigen paradys. In wrâld dêr't ik my ûntjaan koe, dêr't de fantasije rom baan krije koe. Romte, frijheid en feiligens: in rykdom dy't foar gjin jild tekeap is. Boppe wetter kommen brieven fan har mem binne foar Auck Peanstra oanlieding om de oantinkens oan it plak fan har jeugd op te skriuwen. Dy brieven jouwe in byld fan it erflik wrotten en wramen fan de boer en de noed om fee en bedriuw. Fan dy noeden hat...
Westerlauwers Fries, 6 uur 4 minuten (jpg, 363 MB), Venus, Haarlem, 2008
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Spikergek
Mette is gek op kompjûters. Op in stuit krijt se in koade en kin se geheime berjochten oer kompjûterfirussen lêze. Se komt yn de kunde mei in firus dat samar fan de digitale de echte wrâld ynglidet. En dan wurdt it spannend. Spikergek ferskynde yn 2002 by Bornmeer. Spikergek wurdt foarlêzen troch Anny de Jong. Foar reaksjes kin maild wurde mei annydejong@hetnet.nl Inhoud Gean der mar foar sitten In âlde bekende Strieltsjes swit en kola Ryp foar de psychiater Grien slym In kâlde oangelegenheid...
Westerlauwers Fries, 2 uur 31 minuten (jpg, 148 MB), Bornmeer, Haarlem, 2008
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
Yn 1492 sylt Kolumbus mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op om it koartste paad nei Ynje te finen. It wurdt in spannende reis, dy't jimme no meibelibje kinne yn de persoan fan Beart of Bartholomé de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy of Camelia. Der is trouwens noch in hiel koar fan rotten ek oan board, en miskien is it wol oan dy ploech te tankjen, dat de reis rint sa't er rint. It oarspronklike boek is ferskynd yn 2003. Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer. Inhoud De stap, de knap...
Westerlauwers Fries, 2 uur 25 minuten (jpg, 146 MB), Afûk, Haarlem, 2008
Luisterboek (digitaal)
Riek Landman Liet foar myn jonge
De Fryske boerefamylje Seffinga emigrearret mei de bern yn de sechstiger jierren nei Normandië. Nei de dea fan heit Keimpe bliuwt syn widdo Minke wenjen yn it grutte âlde hûs by har dochter Andrea en dy har húshâlding. Minke har soan Arjen kin net rjocht aardzje yn Frankryk. Hy wurket earst yn Cherbourg en letter wennet er yn earmoedige omstannichheden yn Parys. In inkelde brief is syn iennichste kontakt mei de famylje. Minke begjint him stadichwei tige te missen en de langst nei it eardere doarp...
Westerlauwers Fries, 5 uur 14 minuten (jpg, 337 MB), Friese Pers Boekerij, Haarlem, 2008
Luisterboek (digitaal)
Genealogysk jierboekje
Non-Fictie
Genealogysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, 1959
Tijdschrift