Zoekresultaten voor: *
Resultaat 21 - 25 (van 25)
Wieke de Haan Ophysje en delbêdzje
Ferhalenboek foar froulju
Ophysje en delbêdzje is it ferfolch op it tige suksesfolle Optriuwe en ôfbliuwe. Humoristyske ferhalen oer plastuiten, stofsûgers, kontaktadvertinsjes, fetslobberjen, weblogjende froulju, mobyltsjes, OMO-relaasjes en hygiëne op feestjes. Ferhalen De kontener De boat De ferpakking De slachsinkeninginne Eigen baas Plakke Eilânkultuer Goeienavond, mevrouw It stel Kastrûmte Lokkerke Liposuctia Mem Nútsjeguod OMO Plastuit Lampehier Puer natuer Raar waar Reade learskes Sisters in sin Skjin himd...
Westerlauwers Fries | 2 uur 56 minuten (110 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Wieke de Haan Optriuwe en ôfbliuwe
Ferhaleboek foar froulju
Ferhaleboek foar froulju dy't de uterste hâldberheidsdatum naderje, passearje of út 'e wei gean wolle. Oer alles wat ophise, bykleure en fuortsûge wurde kin, of krekt net. Oer lytse en grutte argewaasjes, skytskjinne froulju en bewarderige types. Wat raukost, sûkela, in optriuwbeha en in reserveman foar in frou betsjutte kinne. Inhoud Skytskjin Beropsgeheim De broadsjes Foar de fûgeltsjes Himmeleritis Kataboalysk Kessentsjes Spermaspul Stress-hin Uterste hâldberheidsdatum Oerdwealske winterwoartel...
Westerlauwers Fries | 3 uur 8 minuten (106 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Auck Peanstra Sitebuorren, myn eigen paradys
Oantinkens
Dochs hat it gefoel fan bûtensteander wêzen myn jeugd net knoeid, ik hie Sitebuorren, myn eigen paradys. In wrâld dêr't ik my ûntjaan koe, dêr't de fantasije rom baan krije koe. Romte, frijheid en feiligens: in rykdom dy't foar gjin jild tekeap is. Boppe wetter kommen brieven fan har mem binne foar Auck Peanstra oanlieding om de oantinkens oan it plak fan har jeugd op te skriuwen. Dy brieven jouwe in byld fan it erflik wrotten en wramen fan de boer en de noed om fee en bedriuw. Fan dy noeden...
Westerlauwers Fries | 6 uur 4 minuten (363 MB) | Venus, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Jan van der Leij De tiid stie even stil
Yn dizze bondel steane 22 hiel ferskillende ferhalen: Hy skriuwt koele observaasjes, mystearjes, humoristysk-realistyske stoarjes en ferrifeljende ferhalen. De skriuwer jout de werklikheid no en dan in draai dy't de lêzer ferrast of ferbjusteret. It waard my kâld oer de lea. Der lei in deade man. De stilte waard benearjend. Foar de tredde kear seach ik nei myn auto. Wat deryn dreau wie in lyk. Ik wie in pear tellen ferslein en seach Pyt freegjend oan. Dy kaam op my ta. Die de bûslampe út, en...
Westerlauwers Fries | 4 uur 15 minuten (266 MB) | Venus, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
It Skriuwersboun Nearnewâld
It Skriuwersboun 50 jier
Libben en dea, leafde en haat, gearwurking en oergeunst, mienskip en iensumens: it is allegear te finen yn Nearnewâld. Der wurdt fochten en frijd, rabbe en swijd, wat dat oangiet is it in plak as alle oare plakken op 'e wrâld. Omdat It Skriuwersboun 50 jier bestiet, hat in grut tal Fryske skriuwers en dichters foar harren lêzers dit meartalige Nearnewâld optocht. It útgongspunt wie in tekening fan Laurens Bontes, in sykplaat dêr't elk in detail út keazen hat. It einresultaat is in mearsidige...
Fictie
Westerlauwers Fries | 162 pagina's (PDF, 19 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book