Zoekresultaten voor: *
Resultaat 481 - 500 (van 613)
Wol hondert jirren efter ien hab ik yn 't a, b, c, boek stien
Westerlauwers Fries, 1 bl, J. de Lange, Dimter, 1822
Gedrukt boek
Nynke Laverman De nacht van de maisfrou
Concert, opgenomen op 23 juni 2007 in de Teatertún in Rijs (88 min.) en een documentaire (55 min.)
Film
Mirjam van Houten Tije
Tije mei graach bûten by de buorlju op de pleats boartsje. Mar no moat er ferhúzje nei de stêd en dêr sjocht er bot tsjinoan. Soed er dêr wol freonen krije? En hoe soe it op skoalle gean? Yn 'e stêd krijt Tije in hiel bysûndere freon, mar oft dat helpt... Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Westerlauwers Fries, 2 uur 6 minuten (jpg, 182 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2022
Luisterboek (digitaal)
Baukje Wytsma Silke & miss Dee
De âlde miss Dee, dy't yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no? As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear...
Westerlauwers Fries, 2 uur 50 minuten (jpg, 245 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2022
Luisterboek (digitaal)
Ferdinand de Jong It dak fan de wrâld
'Wolst wat spannends mei my dwaan?' Op it momint dat ik it sei, wist ik dat dit net alhiel de goede wurdkar wie. 'Wat miensto wol net, it...' 'Nee, sa bedoel ik it net! Ik...' Sûnder fierder ôf te wachtsjen pandere se by de terp del en ferdwûn troch it getten izeren stek, my ferstuivere efterlittend. Mar moai dat se wie doe't se sa lilk fuortrûn! It dak fan de wrâld is de spannende twadde roman fan Ferdinand de Jong. It ferhaal nimt jim mei fan it Wâldster berchje oant de heechste berch fan de wrâld,...
Westerlauwers Fries, 7 uur 5 minuten (jpg, 612 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2022
Luisterboek (digitaal)
Hein Jaap Hilarides Beppe Xenia
Harkboek, foarlêzen troch Geartsje de Vries
Xenia is grutbrocht yn de Dravadelte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út It Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân. Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif, Dietrich Kleeblatt, in SD'er dy't yn Nederlân wurket. Mei om't Xenia Dútsk prate kin en goed sjonge, brûkt hy har en bringt sa it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer. Bron: Flaptekst,...
Westerlauwers Fries, 7 uur 15 minuten (jpg, 11 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2021
Luisterboek (digitaal)
Astrid Lindgren Pippi Langkous - Fryske edysje
harkboek, ynlêzen troch Geartsje de Vries
Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan 'e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy't neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren. Dizze Fryske edysje is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogense famke mei de reade flechten. Yn it boek stean de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet...
Westerlauwers Fries, 8 uur 15 minuten (jpg, 713 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2021
Luisterboek (digitaal)
Trinus Riemersma De fûgel
Yn in Italjaansk doarp komt de fûgel werom... It doarp leit as in roekenêst op in heuveltop. Lang lyn, yn de ûnrêstige tiden, wie dat in pree. It doarp wie ûnnimber foar de fijannen en it woeks út ta it bestjoerlike sintrum fan de krite. Dit is allegear fergiene gloarje. Mear as it oantinken oan it grutte ferline is net bleaun. En tsjustere skiednissen, dêr't nimmen graach oer praat. Lykas oer dy fûgel dy't as in duvel út 'e hel boppe it doarp hong en ûnferhoeds delsaaide. Mar dy fûgel is sûnt in...
Westerlauwers Fries, 1 uur 31 minuten (jpg, 3,9 MB), Venus, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)
Sjoerd Bottema de grize oer de grouwe
duvelske streken, harkboek ynlêzen troch de skriuwer
Goeie ferhalen meie altyd wer op 'e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik. Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. De bondel It piipjen fan de proai út 2009 kaam earder út as harkboek by Audiofrysk (AF-F24). Yn 2020...
Westerlauwers Fries, 5 uur 15 minuten (jpg, 454 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2021
Luisterboek (digitaal)
Fryslân
nieuwsblad voor geschiedenis en cultuur
Non-Fictie
Fries Genootschap van Geschied-, Oudheid- en Taalkunde, Leeuwarden, 1995
Tijdschrift
Elske Schotanus Wurk
Haadpersoan yn Wurk is Jasper. Hy hat in goeie baan n dat soarget derfoar dat syn libben mear as komfortabel ferrint. Oant de dei dat hy, omreden fan in arbeidskonflikt, dien krijt. It slagget Jasper ynearsten wol om de kop boppe wetter te hâlden, mar hy bedarret stadichoan toch mear yn de marzje fan it bestean. In oare baan fine falt net ta foar in man dy’t tsjin de sechstich rint. Hieltyd mear stekt Jasper tiid en enerzjy yn wat earder net mear as in hobby wie: it skilderjen en tekenjen. Fertsjinje...
Westerlauwers Fries, 7 uur 15 minuten (jpg, 296 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2019
Luisterboek (digitaal)
Froon Akker Ik bedoel mar
Sechstjin ferhalen dy't mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel 'Ik bedoel mar!' yn in nutedop. It binne ferhalen dêr't minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy't it bestean yn 't fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy't like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy't, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik...
Westerlauwers Fries, 6 uur 45 minuten (jpg, 299 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2019
Luisterboek (digitaal)
Douwe de Bildt De Jorwerter Dweilstikken
De Jorwerter Dweilstikken befettet in seleksje fan de humoristyske, ûntroerende en soms sterke ferhalen dy’t mei fjoer ferteld wurde — kear op kear — oan de stamtafel fan it kafee yn Jorwert. In earbetoan oan it doarp mei syn kleurrike ynwenners: ambachtslju, boeren, middenstanners, dûmnys en notarissen. Douwe Klaas de Bildt (1952,Boalsert) tekene fan 2007 ôf dy kroechferhalen op ûnder de titel ‘Dweilstikken’ foar de Jorwerter doarpskrante De Hiele Toer. Geert Mak yn syn Nawoord (troch himsels...
Westerlauwers Fries, 4 uur 22 minuten (jpg, 177 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2019
Luisterboek (digitaal)
Ate Grypstra It beest fan de Westereen
Wikipedia: It boek is in thriller, miskien sels wol in horrorboek. It genre wurdt ek beneidrukt troch de sin dy't foaryn it boek stiet: "Troch Steven Kingma, besoarge troch Ate Grypstra". Steven Kingma stiet dêryn foar Stephen King. It ferhaal spilet him ôf yn de jierren tachtich, yn dy tiid ûntdekt in professor in manuskript, dat er graach útjaan wol. Omdat Grypstra keazen hat om it ferhaal him ôf spylje te litten yn it doarpke De Westereen, is it boek ek skreaun yn it Westereendersk. Sitaat: Op...
Westerlauwers Fries, 5 uur 7 minuten (jpg, 197 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2019
Luisterboek (digitaal)
Koos Tiemersma In aap klimt út de beam
Bobo de aap is ûntsnapt út 'e dieretún om him nei wenjen te setten yn 'e bosk. Dêr is er sûnder it te wollen tsjûge fan in frijpartijtsje yn de fiver. Hy klimt út syn beam, siket wat klean byelkoar, om ferklaaid as minske de wrâld yn te lûken. Even letter wurdt er opfongen troch de ôfkeurde learaar Norbert Schnabel, dy't him yntrodusearret by in nije, populistise beweging. Dan giet it rap. Al gau dûkt Bobo op yn populêre praatprogramma's, rjochtet er út 'e snackbar fan Harrie Kroket wei in buertwacht...
Westerlauwers Fries, 7 uur 32 minuten (jpg, 317 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2019
Luisterboek (digitaal)
Kathy Reichs Firalen
In magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fiction fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs. In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst. Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my. Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen. Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân bleatlein....
Westerlauwers Fries, 12 uur 22 minuten (jpg, 4,3 MB), Elikser, Easterwierrum, 2016
Luisterboek (digitaal)
Froon Akker Einum
Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje útein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichting yn it noarden fan Nederlân in brief opsteld. Balansearjend op it snijflak fan lân en see leit Einum, in buertskip yn in lânskip fan boulannen mei op de achtergrûn in him yn rap tempo útwreidzjend havengebiet. Yn achttjin miniatueren wurdt in skets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy't besiket de skimering tusken skaad en ljocht fêst te lizzen, in demintearjende frou, in famke dat...
Westerlauwers Fries, 9 uur (jpg, 512 MB), Froonakker, Easterwierrum, 2016
Luisterboek (digitaal)