Zoekresultaten voor: *
Resultaat 521 - 540 (van 639)
Greet Andringa Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 2
Dien wurk
Yn it begjin fan de 21ste ieu skreau Koos Tiemersma yn heech tempo fiif boeken. Se steane los fan inoar, mar foarmje dochs ek in nijsgjirrich gehiel. Greet Andringa besprekt se wiidweidich. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Westerlauwers Fries, 1 uur 8 minuten (jpg, 4 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2021
Luisterboek (digitaal)
André Looijenga, Greet Andringa, Nyk de Vries, Sigrid Kingma Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 1 - 4
Fjouwer lêzings oer de Fryske literatuer
Literatuer yn lytse talen; fiif romans fan ien fan de ynfloedrykste Fryske romanskriuwers fan de 20ste ieu; de berneliteratuer fan no en yn de takomst, en in nijsgjirrige streaming fan realistyske skriuwers om it tydskrift de Blauwe Fedde hinne. Lêzing 1 - André Looijenga Literatuer yn lytse talen Skriuwe yn in minderheidstaal, wat betsjut dat? Sprekkers fan minderheidstalen beslane mei har taal minder domeinen fan it libben as sprekkers yn grutte of nasjonale talen. Der is fansels wol ferskil...
Westerlauwers Fries, 4 uur 41 minuten (jpg, 308 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2021
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Keatse foar de krânse
Jelke hâldt fan keatsen. Hy kin it goed, mar is ek bloedfanatyk! Gauris wint er de krânse, mar hy moat der wol hiel wat foar oer ha: in soad traine, gjin feestjes, betiid op bêd... Fan syn pake, ek in goede keatser, krijt er in pakje. Bringt dat gelok? Mei syn freonen hat Jelke faak sukses, mar hy wol mear! De Bûnspartij by de skoaljonges, en fansels de Freule! Mar Elske dan, en syn âlde maten? In moai ferhaal oer in jongesdream dy't útkomt. Ek foar famkes. Ynhâld Yn it Jongespartoer... 1. It...
Westerlauwers Fries, 2 uur 36 minuten (jpg, 147 MB), Frysk en Frij, Easterwierrum, 2021
Luisterboek (digitaal)
Hylkje Goïnga Nei it Park
Yn de novelle Nei it park stiet de 78 jier âlde en deminte 'Martha' sintraal. Op tige humoristyske, mar tagelyk oangripende wize beskriuwt Hylkje Goïnga de striid fan Martha om út it hûs foar âldere minsken te bliuwen en it krewearjen fan de dochters Janna en Geeske om har dêr no krekt wol yn te krijen. 'Ik rûn tusken myn beide dochters yn troch in brede gong. In mefrou mei reade wangen joech my twa hannen tagelyk en kloppe my op 'e rêch. Ik fersjitte my der fan. Wy gongen yn de lift mei syn allen....
Westerlauwers Fries, 1 uur 19 minuten (jpg, 5,3 MB), Friese Pers Boekerij, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)
Akky van der Veer Kuneara
Wy skriuwe 337. Hear Heimo fan Rhenen, in regionale kening yn tsjinst fan Rome, wurdt ynset om te fjochtsjen tsjin in Frankyske rôversbinde dy't Keulen belegeret. Dêr moetet er Kuneara, dy't mei alve oare fammen op 'e weromreis fan in pilgrimstocht troch de rôvers oerfallen wurdt. Hear Heimo - troffen troch har skientme - rêdt har as iennige fan de marteldea en nimt har mei nei syn boarch op 'e Heimenberch. Dat is de situaasje dêr't Akky van der Veer dizze novelle, dy't op in midsieuske leginde...
Westerlauwers Fries, 1 uur 55 minuten (jpg, 133 MB), It Fryske Boek/Bornmeer, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)
Eric Hoekstra, Friduwih Riemersma, Tryntsje van der Steege Klassikers yn de (Fryske) literatuer
Live út de Skierstins
Sympoasium ûnder de titel 'Alde Meuk?' mei trije lêzings oer klassikers yn de Fryske literatuer. Friduwih Riemersma: Tiids tosk vs ikonoklasme Oer de rol fan klassikers yn ús kulturele libben. Gauris ha wy it oer klassikers, ek as wy it nét oer boeken ha. Mar wat makket in klassiker eins in klassiker? Wêrom ha wy klassikers, en binne dy algemien of yndividueel bepaald? Is in kanon wat oars as in rige klassikers? Kinne wy ús eins in wrâld sûnder klassikers foarstelle? En hoe soe dy der dan útsjen?...
Westerlauwers Fries, 1 uur 27 minuten (jpg, 5,8 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2021
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong De Traveliers - Spoaren!
'Jim hawwe by it fleantúch west.' Hidde ropt fuort fan 'No!' De militêr stekt syn hân op. 'Net lige, asjebleaft. Wy hawwe jim fingertaasten fûn.' De man sjocht lang fan de iene nei de oare. Dan wiist er driigjend nei Hidde. 'En do hast de doaskes út it tastel helle.' Hidde wurdt wyt en read. It swit komt him ûnder de noas te stean. Hy moat nei de goede Ingelske wurden sykje. Hy stammeret: 'Ik ha se wier net.' 'Wat hast der mei dien?' 'Neat,' ropt er. 'Ik ha se fergetten en doe…' De Traveliers is...
Westerlauwers Fries, 2 uur 59 minuten (jpg, 201 MB), Afûk, Easterwierrum, 2021
Luisterboek (digitaal)
Trinus Riemersma De fûgel
Yn in Italjaansk doarp komt de fûgel werom... It doarp leit as in roekenêst op in heuveltop. Lang lyn, yn de ûnrêstige tiden, wie dat in pree. It doarp wie ûnnimber foar de fijannen en it woeks út ta it bestjoerlike sintrum fan de krite. Dit is allegear fergiene gloarje. Mear as it oantinken oan it grutte ferline is net bleaun. En tsjustere skiednissen, dêr't nimmen graach oer praat. Lykas oer dy fûgel dy't as in duvel út 'e hel boppe it doarp hong en ûnferhoeds delsaaide. Mar dy fûgel is sûnt in...
Westerlauwers Fries, 1 uur 31 minuten (jpg, 3,9 MB), Venus, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)
Sietse de Vries Kûgels foar Kant
Sietse de Vries skriuwt misdiedferhalen dy't jo net mear dellizze as jo ienris begûn binne te lêzen. 'Kûgels foar Kant' is spannend en hâldt tagelyk de maatskippij oan it begjin fan de 21ste ieu kritysk tsjin it ljocht. Krekt as resjersjeur Jurre Stapensea stadich fuort driget te glydzjen yn in midlifecrisis, komt er yn 'e kunde mei terrasfilosoof Hedzer Benedictus. Dy hat in eigenaardige teory ûntwikkele oer de ûndergong fan de wrâld, ûntliend oan de filosoof Kant. Stapensea rekket sa fan him ûnder...
Westerlauwers Fries, 7 uur 2 minuten (jpg, 482 MB), Friese Pers Boekerij, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)
Hylke Speerstra Op redens oer
De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene wrâldferneamd yn eigen gea. Nammen dy't trochlibje. Manlju en froulju dy't yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byinoar riden. Ja, it gie net allinne om de eare; yn earme tiden giet soms noch mear om it jild. Sa foarmje har ferhalen ek in ôfspegeling fan de skerpe sosjale ferskillen en de bikkelhurde striid om it bestean yn de earste helte fan de 20ste ieu. Hjir binne froulju en manlju oan it wurd dy't witte fan...
Westerlauwers Fries, 8 uur 53 minuten (jpg, 3,7 MB), Friese Pers Boekerij, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Help... in hûn
It sil dy mar oerkomme! Dyn bêste freon ferhuzet en dyn suster Lidewij is der wis fan dat in seurderige âldman neist dy komt te wenjen. It pakt hiel oars út. De nije bewenster, Marianne van Klaveren, is in fleurige sjoernalist mei mar twa handikaps: se sit yn in rôlstoel en se is allergysk foar it wurd 'silich'. Der ferskynt in frjemd artikel yn de krante mei har namme derûnder, mar dat se net skreaun hat. It wurdt tiid dat Kasper en Lidewij har der mei bemuoie, fansels mei help fan DJ, in echte...
Westerlauwers Fries, 3 uur 2 minuten (jpg, 207 MB), Afûk, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)
Abe de Vries Dy't in hûs fynt op 'e wyn
Gedichten 2002-2010
Dizze útjefte befettet alle gedichten en oersettingen út de bondels De weromkommer yn it ûnlân (Bornmeer 2002), In waarm wek altyd (Bornmeer 2004), Under fearne goaden (Bornmeer 2006), Fangst fan ’e demoandolfyn (Bornmeer 2008) en Sprankeskyn (Friese Pers Boekerij 2010). De fersen wurde foardroegen troch de dichter sels. Ynlêzen troch de skriuwer Abe de Vries yn de studio fan Hans Wempe Muziekproducties yn De Hommerts. Ynhâldsopjefte 1. A. BONDEL: De weromkommer yn it ûnlân (Bornmeer 2002) It...
Westerlauwers Fries, 4 uur 34 minuten (jpg, 1,8 MB), Friese Pers Boekerij, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong De Traveliers - In flitsend hûntsje
De Traveliers is in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. It duorret in ivichheid foar 't Hugh werom is. Hy sjocht bleek en ropt fan fierren: 'Sweep is fuort.' Syn mem besiket him del te bêdzjen, mar se kin it net helpe dat har stim ûngerêst klinkt. 'Ho, even rêstich. Wiene Katy-en-dy...
Westerlauwers Fries, 2 uur 56 minuten (jpg, 198 MB), Afûk, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)
Anders Rozendal Hupsakee en oare ferhalen
'Yn in foarich libben haw ik in grut seeman west,' sei omke. Neffens muoike wie dat lichtsinnich praat. En doe't wy omke mei de kloet dwaande seagen... Mei it fleurige 'Farre' begjint dizze ferhalebondel, dêr't alderhanne personaazjes yn foarbykomme. Jong en âld, en alles wat dêr tuskenyn sit. Elk, mei syn eigenaardichheden, tekoartkommings of wifelmoedigens, siket it paad troch it libben. Wolris op in wize dêr't men jin oer fernuveret of om skodholje moat. Guon fan 'e 60 ferhalen binne mankelyk,...
Westerlauwers Fries, 7 uur 12 minuten (jpg, 314 MB), KFFB, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)
Nyk de Vries Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 4
Fjouwer lêzings oer de Fryske literatuer
De finish-lêzing fan de Literêre 4-Stêdetocht giet oer in nijsgjirrich ûnderwerp dêr't net earder ûndersyk nei dien is. Begjin 1996 sette in lyts groepke studinten yn Grins útein mei in literêr tydskrift yn it Frysk. It begûn as in aardichheidsje, mar as tydskrift krige de De Blauwe Fedde stadichoan mear lêzers. It waard in poadium foar in nije generaasje fan jonge skriuwers, dy't net de barrikaden opsochten, mar op iroanyske wize skreaunen oer it deistich libben, mei al syn banaliteiten, rare setten...
Westerlauwers Fries, 1 uur 9 minuten (jpg, 3,5 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2021
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De kwestje fan Quad
As Tsjalling syn nije kilometerteller útprobearret, slacht er oer de kop en ûntdekt er de tiidmasine fan professor Quad. En wat dêr allegearre foar aventoeren achter wei komme... Tsjalling en Anne geane mei op tiidreis, werom nei de terpetiid, werom nei de midsieuwen en dan is der noch in tredde reis nedich, werom nei de 17de ieu. Dan is it winter en mei Anne bewize, dat er hurd ride kin. Inhoud De klap De kilometerteller Op ûndersyk De gong Quad De tiidknikkerts Sneontemiddei De wetten Fier fan...
Westerlauwers Fries, 5 uur (jpg, 342 MB), Koperative Utjouwerij, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)
Elie Wiesel De Nacht
Yn De Nacht fertelt Elie Wiesel op ynkringende wize oer syn libben yn de kampen, en syn oerlibjen fan de holocaust. Hysels skreau oer dit boek û.o. Dit is in ferhaal dat om dúdlike redenen djip libbet yn alles wat ik skreaun ha en noch skriuwe sil... Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Westerlauwers Fries, 4 uur 26 minuten (jpg, 209 MB), KFFB, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)
Riemkje Hoogland-Pitstra Mentha Minnema en it wettermystearje
As Mentha in pear dagen mei Geart en Geeske te farren is op de boat fan Pyt Pander, komt se in saak op it spoar, dy't geheim bliuwe moatten hie. Dus falle der klappen en foar't se it goed en wol yn de gaten hat, sitte se oan kop en earen ta yn de misdiebestriding. Dit saakje rûkt net fris, it rûkt nei fisk! Pas nei in protte aventoeren wit Mentha it safier te krijen dat de polysje de boeven (of binne it boevinnen?) ynrekkenje kin. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1997. Inhoud Mentha kin net...
Westerlauwers Fries, 3 uur 3 minuten (jpg, 178 MB), Afûk, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)
Ep van Hijum Muoike klaptut
en oare koarte ferhalen
Groep 7 hat syn nocht fan dy saaie ûnderwerpen as "Het donkere bos" foar in opstel. Hoe betinkt juf it. De bern wolle it oars ha. Ferhalen oer harsels en skreaun troch harsels. Spannende ferhalen, grappige ferhalen... échte ferhalen! En mei dy ferhalen wolle se ek noch wat bysûnders dwaan. Wat dat is? Dan silst nei it boek hearre moatte... Inhoud 1. Tsja, wat dan 2. It swit op e foarholle 3. Dit moat oars 4. In drokte fan komsa 5. Nuver, hear 6. Geartsma de utjouwer 7. Fereale a 8. Fereale b...
Westerlauwers Fries, 2 uur 25 minuten (jpg, 138 MB), Koperative Utjouwerij, Easterwierrum, 2021
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
Yn 1492 sylt Kolumbus mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op om it koartste paad nei Ynje te finen. It wurdt in spannende reis, dy't jimme no meibelibje kinne yn de persoan fan Beart of Bartholomé de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy of Camelia. Der is trouwens noch in hiel koar fan rotten ek oan board, en miskien is it wol oan dy ploech te tankjen, dat de reis rint sa't er rint. It oarspronklike boek is ferskynd yn 2003. Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer. Inhoud De stap, de knap...
Westerlauwers Fries, 2 uur 25 minuten (jpg, 146 MB), Afûk, Haarlem, 2021
Luisterboek (digitaal)