Zoekresultaten voor: *
Resultaat 1 - 10 (van 10)
Anny de Jong It is foar de hearen
Oan de ein fan de fyftjinde ieu is der rûnom yn Fryslân striid. De Skieringers fjochtsje tsjin de Fetkeapers. En dan ha je noch de hearen fan de ferskillende stêden: se rôvje en plonderje as se de kâns krije. Wa wurdt de baas yn Boalsert? Mei haakbussen (grutte gewearen) en kanonnen fjochtsje se derom. Op libben en dea! Yn dy roerige tiden slute Harm en Peke freonskip, al soene se eins fijannen fan elkoar wêze moatte. ‘Harm, wolsto de mannen har beurs ôfnimme?’ Harm rint nei de keaplju ta...
Westerlauwers Fries | 2 uur 52 minuten (164 MB) | Afûk, Easterwierrum | 2014
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong De Traveliers - Spoaren!
'Jim hawwe by it fleantúch west.' Hidde ropt fuort fan 'No!' De militêr stekt syn hân op. 'Net lige, asjebleaft. Wy hawwe jim fingertaasten fûn.' De man sjocht lang fan de iene nei de oare. Dan wiist er driigjend nei Hidde. 'En do hast de doaskes út it tastel helle.' Hidde wurdt wyt en read. It swit komt him ûnder de noas te stean. Hy moat nei de goede Ingelske wurden sykje. Hy stammeret: 'Ik ha se wier net.' 'Wat hast der mei dien?' 'Neat,' ropt er. 'Ik ha se fergetten en doe…' De Traveliers...
Westerlauwers Fries | 2 uur 59 minuten (201 MB) | Afûk, Easterwierrum | 2012
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong De Traveliers - In flitsend hûntsje
De Traveliers is in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. It duorret in ivichheid foar 't Hugh werom is. Hy sjocht bleek en ropt fan fierren: 'Sweep is fuort.' Syn mem besiket him del te bêdzjen, mar se kin it net helpe dat har stim ûngerêst klinkt. 'Ho, even rêstich. Wiene Katy-en-dy...
Westerlauwers Fries | 2 uur 56 minuten (198 MB) | Afûk, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Help... in hûn
It sil dy mar oerkomme! Dyn bêste freon ferhuzet en dyn suster Lidewij is der wis fan dat in seurderige âldman neist dy komt te wenjen. It pakt hiel oars út. De nije bewenster, Marianne van Klaveren, is in fleurige sjoernalist mei mar twa handikaps: se sit yn in rôlstoel en se is allergysk foar it wurd 'silich'. Der ferskynt in frjemd artikel yn de krante mei har namme derûnder, mar dat se net skreaun hat. It wurdt tiid dat Kasper en Lidewij har der mei bemuoie, fansels mei help fan DJ, in...
Westerlauwers Fries | 3 uur 2 minuten (207 MB) | Afûk, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong De Traveliers - Yslik Aktyf
'Allegearre út de gongen,' brult er yn de ynterkom. Dan begjint er te sprinten. As George de beide tassen te pakken hat, fljocht er by de smelle treppens op mei yn elke hân in tas. It horloazje oan synlinkerpols tikket de lêste sekonden fuort. Hy rêdt it net. Mei de longen op knappen draaft er oer it dek. Mei in swaai goait er beide rêchsekken oer de reling. Se bliuwe in skoftke driuwen. Dan ferdwine se yn it wetter. It duorret noch alve sekonden as mei in knal it wetter omheech spuitet. De...
Westerlauwers Fries | 2 uur 29 minuten (159 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it kattemystearje
Mentha Minnema belânet diskear as hûneleafhawwer mei in protte ferstân fan katten, yn in kattemystearje. Jurjen en Jeltsje Risselade misse harren kat Tsjip en wat dêr dan allegearre oan aventoeren achter wei komt... Ek diskear wer helpt Pyt Pander mei, mar de polysje hie it allinne noait oprêden. Dit ferhaal wurdt foarlêzen troch de skriuwster Anny de Jong. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1998 as achtste diel yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud De nijkeap In frjemdsoartige kat A real...
Westerlauwers Fries | 3 uur 16 minuten (222 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Riemkje Hoogland-Pitstra | Anny de Jong | Jan Schotanus Gefaarlik spul foar Mentha Minnema
Seis aventoeren
Yn dit boek binne seis ferhalen oer de tûke speurder Mentha Minnema byinoar brocht. Bern hiene ideeën foar de plot oandroegen en doe binne de trije skriuwers oan it wurk gien. It levere seis mini-aventoeren op dy't hjirre troch de skriuwers sels foarlêzen wurde. By Anny de Jong giet it earst om in ynbraak yn har eigen hûs, dêr't Grate syn bêst docht, mar de stellerij net foarkomme kin: In bliedend slachtoffer. Har twadde ferhaal spilet him ôf yn de diskowrâld. Mentha Minnema moat der de...
Westerlauwers Fries | 3 uur (181 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it hynstemystearje
Op it hynstekonkoers fan Riis yn Gasterlân wurdt Bearn, in prachtige swarte rún fan acht jier âld, op mysterieuze manier stellen. Marchje en Petra krije aldergeloks de help fan Mentha Minnema by har speurwurk om it hynder werom te krijen. Mar dat liket net bêst... Grate helpt diskear faaks noch wol mear mei as Pyt Pander. Hy is miskien wol fereale en dat lytse hûntsje mei it plakje om it each leveret út en troch ek noch in spoar op. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1992 yn de Mentha Minnema-rige....
Westerlauwers Fries | 3 uur 5 minuten (214 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it hûnemystearje
Mentha Minnema komt in frjemde bistedokter op it spoar, dy't rare dingen mei hûnen útfynt. Stabij Mette fan Jeltsje en Jurjen Risselade is ûntfierd en der binne mear stabijs dy't slachtoffer wurden binne. Nei in protte aventoeren kriget Jurjen in sulveren balkje by de polysje, en dat hie er wol fertsjinne! It ferhaal wurdt foarlêzen troch Anny de Jong, dy't it ek skreaun hat. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1990 yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud It kin alle kanten ut Sneupers en paadwizers...
Westerlauwers Fries | 2 uur 35 minuten (154 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Spikergek
Mette is gek op kompjûters. Op in stuit krijt se in koade en kin se geheime berjochten oer kompjûterfirussen lêze. Se komt yn de kunde mei in firus dat samar fan de digitale de echte wrâld ynglidet. En dan wurdt it spannend. Spikergek ferskynde yn 2002 by Bornmeer. Spikergek wurdt foarlêzen troch Anny de Jong. Foar reaksjes kin maild wurde mei annydejong@hetnet.nl Inhoud Gean der mar foar sitten In âlde bekende Strieltsjes swit en kola Ryp foar de psychiater Grien slym In kâlde oangelegenheid...
Westerlauwers Fries | 2 uur 31 minuten (148 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)