Zoekresultaten voor: *
Resultaat 1 - 8 (van 8)
Jetske Bilker Spegel en sonde
As toskedoktersassistinte Doutsen (echtgenoate, mem en minneres) in nije baas krijt, giet der ynienen in soad mis. Om't se it iene nei it oare ferjit, minsken net mear werkent en regelmjittich it paad bjuster is, rekket se yn panyk. Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en lit it yn har omgean har eardere berop fan keunstner wer op te krijen. As Anniek, har suster dy't se tsientallen jierren net troffen hat, kontakt opnimt, komt alles yn in streamfersnelling en komme dingen oan it ljocht...
Westerlauwers Fries | 11 uur 23 minuten (983 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2024
Luisterboek (digitaal)
Hein Jaap Hilarides Beppe Xenia
Harkboek, foarlêzen troch Geartsje de Vries
Xenia is grutbrocht yn de Dravadelte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út It Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân. Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif, Dietrich Kleeblatt, in SD'er dy't yn Nederlân wurket. Mei om't Xenia Dútsk prate kin en goed sjonge, brûkt hy har en bringt sa it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer....
Westerlauwers Fries | 7 uur 15 minuten (625 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2021
Luisterboek (digitaal)
Sjoerd Bottema de grize oer de grouwe
duvelske streken, harkboek ynlêzen troch de skriuwer
Goeie ferhalen meie altyd wer op 'e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik. Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. De bondel It piipjen fan de proai út 2009 kaam earder út as harkboek by Audiofrysk (AF-F24)....
Westerlauwers Fries | 5 uur 15 minuten (454 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2021
Luisterboek (digitaal)
Meindert Bylsma Moard yn tsjerke
De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan 'e grêfkelder dy't ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op 'e trep nei de kelder leit in lyk. Wurk oan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 115 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Venantius Honorius Clementianus Fortunatus It libben fan de hillige Martinus
It Libben fan Sint Martinus, de oersetting fan Venantius Fortunatus' Latynske wurk De vita Sancti Martini, is it lêste wurk fan Klaas Bruinsma, dat no postúm útjûn wurdt. Om't it wurk net alhiel folslein wie, is it dien makke en bewurke troch drs. Joop Zeinstra, âld-learaar klassike talen oan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert. Venantius Fortunatus wie in let-kristlik dichter út de 6e iuw, ien fan de belangrykste dichters út de Merovingyske tiid (betide midsiuwen). Sint Martinus is hjoed de...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 90 pagina's (ePub3, 1,3 MB) | Elikser, Ljouwert | 2021
E-book
Anneke Sieperda Omsjen
Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto, net yn 'e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief... Yn maaie '45 as hiel Europa yn it ljocht fan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 224 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Hilda Talsma Wyntrilogy
Bundeling van de drie skûtsjeromans van Hilda Talsma
Fictie
Westerlauwers Fries | 492 pagina's (ePub2, 1,4 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
W. Bakker-Veninga Jeltsje fan Ieme tou
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje...
Fictie
Westerlauwers Fries | 202 pagina's (ePub2, 1,2 MB) | Elikser Uitgeverij, Leeuwarden | 2021
E-book