Zoekresultaten voor: *
Resultaat 1 - 6 (van 6)
Meindert Bylsma In balpinne tsjin 'e râne fan it trottwaar
Koartswyl, satire, grutte gedachten, lytse gedachten, de balpinne set Meindert Bylsma oan ta skriuwen. En dan kinne jo alles ferwachtsje. Fan mearkes oant gedichten fan neat. In bysûndere samling fan in orizjinele geast, dy't al ferskate opfallende spoaren neilitten hat yn de Fryske literatuer. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 50 pagina's (ePub2, 0,6 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Wilma Miedema In oare wei, mei oare eagen
Op in dei, as Willemien op har wurk dwaande is mei in folder, giet it net sa't se wol. Se makket in protte flaters mei typen en de tekstyndieling giet ek hielendal ferkeard. Letter hat se muoite mei it autoriden en thús rint se iderkear by de doar op. Har sicht wurdt hieltyd minder en se wurdt der bang fan. De húsdokter stjoert har troch nei it sikenhûs en fia de eachdokter komt se by de neurolooch terjochte. En dan docht bliken, dat se twa harsenynfarkten hân hat. Binnen in tiidsbestek fan twa...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 173 pagina's (ePub3, 3,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Hilda Talsma De Onnie's en it hynstebal
It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra's geane derhinne om te helpen en dat bringt de Onnie's yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr't sels Hindrik net...
Fictie
Westerlauwers Fries | 241 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Marianna van Tuinen It hûs fan Simen
Simen Slak is grutsk op syn hûs. Foaral op de bûtenkant. Binnen is it mar saai. Der moat wat moais, wat fijns yn komme, fynt Simen. Mar wêr fynst dat? Yn it bosk komt er syn freonen tsjin. Hy kin se net allinnich helpe mei harren problemen, hy krijt sels antwurd op syn fraach. Syn slakkehûs wurdt foller en foller. In oar helpe is moai, mar is dat ek goed foar Simen sels? Hy komt hast net mear foarút ... Gelokkich hat de nachtûle in oplossing. En dan komt sels nóch in grutte dream fan Simen...
Fictie
Westerlauwers Fries | 40 pagina's (ePub3, 26 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Reinder Politiek De rykdom fan it ferline
Yn De rykdom fan it ferline fertelt Reinder Politiek oer it boerelibben yn syn bertedoarp Kimswert yn de tiid dat hy jong wie. Hoe't hy, lykas syn heit, boer wurden is, krekt as syn pake en oerpake. Der feroaren yn dy tiid net in protte dingen. Alles stie fêst en gie sa as it al jierren lang gien wie. Alles moast mei de hân dien wurde, en mei help fan hynders. It wie soms dreech om de fruchten út de grûn en op 'e tiid ûnderdak te krijen, sadat der yn 'e winter genôch te iten wie foar minsk...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 257 pagina's (ePub3, 12 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
It Skriuwersboun Nearnewâld
It Skriuwersboun 50 jier
Libben en dea, leafde en haat, gearwurking en oergeunst, mienskip en iensumens: it is allegear te finen yn Nearnewâld. Der wurdt fochten en frijd, rabbe en swijd, wat dat oangiet is it in plak as alle oare plakken op 'e wrâld. Omdat It Skriuwersboun 50 jier bestiet, hat in grut tal Fryske skriuwers en dichters foar harren lêzers dit meartalige Nearnewâld optocht. It útgongspunt wie in tekening fan Laurens Bontes, in sykplaat dêr't elk in detail út keazen hat. It einresultaat is in mearsidige...
Fictie
Westerlauwers Fries | 162 pagina's (PDF, 19 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book