Zoekresultaten voor: *
Resultaat 1 - 3 (van 3)
Astrid Lindgren Pippi Langkous - Fryske edysje
harkboek, ynlêzen troch Geartsje de Vries
Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan 'e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy't neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren. Dizze Fryske edysje is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogense famke mei de reade flechten. Yn it boek stean de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous...
Westerlauwers Fries | 8 uur 15 minuten (713 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2021
Luisterboek (digitaal)
Hein Jaap Hilarides Beppe Xenia
Harkboek, foarlêzen troch Geartsje de Vries
Xenia is grutbrocht yn de Dravadelte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út It Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân. Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif, Dietrich Kleeblatt, in SD'er dy't yn Nederlân wurket. Mei om't Xenia Dútsk prate kin en goed sjonge, brûkt hy har en bringt sa it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer....
Westerlauwers Fries | 7 uur 15 minuten (625 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2021
Luisterboek (digitaal)
Sjoerd Bottema de grize oer de grouwe
duvelske streken, harkboek ynlêzen troch de skriuwer
Goeie ferhalen meie altyd wer op 'e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik. Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. De bondel It piipjen fan de proai út 2009 kaam earder út as harkboek by Audiofrysk (AF-F24)....
Westerlauwers Fries | 5 uur 15 minuten (454 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2021
Luisterboek (digitaal)