Zoekresultaten voor: *
Resultaat 1 - 6 (van 6)
Ferdinand de Jong It dak fan de wrâld
'Wolst wat spannends mei my dwaan?' Op it momint dat ik it sei, wist ik dat dit net alhiel de goede wurdkar wie. 'Wat miensto wol net, it...' 'Nee, sa bedoel ik it net! Ik...' Sûnder fierder ôf te wachtsjen pandere se by de terp del en ferdwûn troch it getten izeren stek, my ferstuivere efterlittend. Mar moai dat se wie doe't se sa lilk fuortrûn! It dak fan de wrâld is de spannende twadde roman fan Ferdinand de Jong. It ferhaal nimt jim mei fan it Wâldster berchje oant de heechste berch fan...
Westerlauwers Fries | 7 uur 5 minuten (612 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2022
Luisterboek (digitaal)
Hylke Speerstra De treastfûgel
Yn De treastfûgel folget Hylke Speerstra it spoar fan twa famyljes út Hichtum. De iene húshâlding stapt yn 1911 op de boat nei Amearika en kin yn it stienearme Súd-Dakota amper oerlibje. Mar úteinlik wurde se Amerikaan mei de Amerikanen. Foar de oare húshâlding wurdt it in swalkjen tusken arbeiderswenten yn Fryslân en melkstâlen yn Dútslân. De ferhalen fan beide famyljes komme wer byinoar as twa neikommelingen út de tredde generaasje oan it oarlochsfront bedarje: de iene as oerwinner,...
Westerlauwers Fries | 6 uur 26 minuten (439 MB) | Bornmeer, Easterwierrum | 2013
Luisterboek (digitaal)
Sjoerd Bottema It piipjen fan de proai
Ferhalen
Alve yntrigearjende, tragykomyske ferhalen dy't gauris in bizarre draai krije. Mei syn bytiden broeierige stim lûkt de skriuwer jo mei yn it ferhaal. (...) En doe ynienen, ynspekteur, krigen jo in gouden idee! Ûnsichtbere spoaren? Spoaren dy't der wol leine, mar der net wiene foar de bewensters? Mar hoefolle moaier soe it wol net wêze as dy spoaren der wol wiene! As de bewenster op in stuit wat ûntduts dat ûnbegryplik wie, wat subtyls, mar frjemd, in slipke bygelyks, ien lyts slipke, dat ynienen...
Westerlauwers Fries | 8 uur 7 minuten (345 MB) | Utjouwerij Fryslân, Easterwierrum | 2011
Luisterboek (digitaal)
Durk van der Ploeg Ûnder de Seespegel
Ûnder de Seespegel bestiet yn haadsaak út koarte ferhalen dy't yn it waadgebiet spylje. Durk van der Ploeg jout in sfearfolle ympresje fan it lânskip en fan de faak wat iensume personaazjes dy't syn ferhalen befolkje. Faak lûke dy minsken oan de koartste ein. Lykas de polhoeder fan de Bantspolder yn it ferhaal It Keal. Hy besiket in better takomst foar syn húshâlding te bestribjen yn de krisisjierren fan de foarige ieu. Yn Grûn fan ús grûn skriuwt in frou in brief oan har skoansuster yn...
Westerlauwers Fries | 4 uur 59 minuten (224 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2011
Luisterboek (digitaal)
Abe de Vries Dy't in hûs fynt op 'e wyn
Gedichten 2002-2010
Dizze útjefte befettet alle gedichten en oersettingen út de bondels De weromkommer yn it ûnlân (Bornmeer 2002), In waarm wek altyd (Bornmeer 2004), Under fearne goaden (Bornmeer 2006), Fangst fan ’e demoandolfyn (Bornmeer 2008) en Sprankeskyn (Friese Pers Boekerij 2010). De fersen wurde foardroegen troch de dichter sels. Ynlêzen troch de skriuwer Abe de Vries yn de studio fan Hans Wempe Muziekproducties yn De Hommerts. Ynhâldsopjefte 1. A. BONDEL: De weromkommer yn it ûnlân (Bornmeer...
Westerlauwers Fries | 4 uur 34 minuten (283 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2011
Luisterboek (digitaal)
Hylke Tromp | Bouke Oldenhof | Alpita de Jong | Doeke Sijens Oer Fryske literatuer 2000-2010
Sirkwy Seminar
Fjouwer nijsgjirrige lêzingen oer de stân fan de Fryske literatuer yn de 21ste ieu. Live opnommen yn Tresoar mei fjouwer ferskillende ynlieders. De lêzings binne mei publyk opnommen yn de Gysbert Japicx seal fan Tresoar. De lêzingerige wie in inisjatyf fan Audiofrysk, yn gearwurking mei Tresoar, de BSF en taalburo Popkema. Stipe waard jûn troch provinsje Fryslân, Je Maintiendrai, Feitsma Fûûns fwar it Frysk, Douwe Kalma stifting en it FLMD-fûns. Ynhâld A. De tromp fan Driessen - Hylke...
Westerlauwers Fries | 4 uur 25 minuten (276 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2011
Luisterboek (digitaal)