Zoekresultaten voor: *
Resultaat 1 - 5 (van 5)
Meindert Bylsma Moard yn tsjerke
De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan 'e grêfkelder dy't ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op 'e trep nei de kelder leit in lyk. Wurk oan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 115 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Jan Schokker De flecht fan Victor
It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan 't sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr't in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch...
Fictie
Westerlauwers Fries | 116 pagina's (ePub2, 0,9 MB) | Elikser Uitgeverij, Leeuwarden | 2020
E-book
Meindert Bylsma Moard yn 'e hite hei
speurdersroman
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin. Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes'...
Fictie
Westerlauwers Fries | 126 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2018
E-book
Meindert Bylsma Allegearre snie
speurdersroman
De biljertklup 'Krijt op tijd' wachtet op Bareld. Ek al is dy mar ûnderhâldsmonteur op in plestikfabryk, dêr’t er gjin topynkommen hat, hy is altyd goed foar in rûntsje foar alle leden fan ’e klup. Bareld is meastal op ’e tiid, mar diskear is er frij let. As er syn partij spile hat en eefkes nei bûten is om in sigret te smoken, komt der in frommis mei read hier nei binnen en freget nei Bareld. Se stjoere har efter Bareld oan. Dy sil dus beskie jaan moatte as er werom komt. Mar hy komt net werom....
Fictie
Westerlauwers Fries | 144 pagina's (ePub2, 1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book
Jan Schokker Tichtby
De kop fluitet en kreaket him. Freegjen is in belangryk part fan syn wurk, mar hy hat ynienen gjin fragen mear. Hy pakt Ryk by de skouders en se ferwart har no net. Trochelkoar skodzje wol er har, mar docht it net. Ynstee dêrfan lûkt er har tsjin him oan. Soks docht er oars net. It is begrutsjen, miskien wanhoop, in meilibjen, in ynlibjen. ‘Moatst my helpe Ale,’ seit se mei in smoard lûd. ‘Wêr is lytse Lutzen?’ Plysjeman Ale Alema rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Syn...
Fictie
Westerlauwers Fries | 168 pagina's (ePub2, 1,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book